Kâns op stoomtrein grutter

04 feb 2008 - 22:13
  • Ympresje fan 'e plannen foar 'Stoomstêd Snits'

Freed wurdt definityf bekend as de stoomtrein tusken Snits en Starum ride sil. De kâns dêrop is moandei in stik grutter wurden. De stichting Stoomtrein Fryslân drige earder noch dermei op te hâlden, om't de provinsje ôfspraken op it gebiet fan de sinteraasje net neikaam.

De partijen hawwe no ôfpraat dat de provinsje tongersdei mei in brief komt wêryn stiet wat der wol of net regele wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)