Kâns op rêding Lauwerspas

26 sep 2010 - 12:57

It kolleezje fan B en W yn Dongeradiel wol in alternative regeling foar de Lauwerspas noch efkes útstelle. Mei de pas kinne minsken mei in útkearing koarting krije op bygelyks sportive en kulturele aktiviteiten.

De gemeente woe de regeling mei yngong fan 2012 feroarje, mar neffens B en W kin dêr noch better efkes mei wachte wurde. De regels fan de ryksoerheid sille feroarje. De regels foar it fergoedzjen fan aktiviteiten fan bern fan minima wurde wat ferromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)