Kâns op kampioenskip wurdt hieltyd lytser foar UNIS Flyers

15 mrt 2015 - 16:41

UNIS Flyers hat ek de fjirde wedstriid tsjin Destil Trappers Tilburg om it kampioenskip fan Nederlân ferlern. Yn Brabân waard it 3-2 foar de thúsploech. Tilburg stiet no mei 3-1 foar yn de 'bêste fan sân' searje. Mitch Bruijsten sette de Flyers yn de earste perioade op foarsprong. Ivy van den Heuvel soarge foar de 1-1. Yn de twadde perioade wie Maarten Brekelmans foar Tilburg de doelpuntemakker. Yn de lêste perioade waard it 1-1 mei opnij in doelpunt fan Bruijsten. Woansdei is de fiifde wedstriid op it iis fan Thialf.

By winst is Tilburg foar de fyftjinde kear kampioen fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)