Kâns op giel wetter út de kraan troch ûnderhâldswurk

30 okt 2015 - 14:37
  • Kraanwetter

Wetterbedriuw Vitens is op it stuit mei ûnderhâldswurk oan de gong by it produksjebedriuw yn Spannenburg. Dêrtroch kin it wetter út de kraan wolris wat gielich wêze.

Ek de hurdheid fan it wetter kin wat feroarje. It wurk duorret noch oant begjin takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)