'Kâns op ebola hiel lyts'

20 aug 2014 - 15:35

De kâns dat it yn Fryslân ta in ebola-útbraak komt, is 'hiel lyts". Dat seit Bart Maats fan de Feriening fan Fryske Húsdokters. Woansdei hat it RIVM alle sikehuzen en GGD's foar de sykte warskôge. Ferline wike hawwe alle húsdokters al in ynformaasjepakket oer ebola krigen, omdat de sykte meldplichtich is. Dat betsjut dat alle mooglike gefallen fan ebola sa gau mooglik by de GGD meld wurde moatte.

De pasjint giet dan yn karantêne om fersprieding foar te kommen. Maats tinkt lykwols dat it yn Fryslân net safier komme sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)