Kanorûte yn Littenseradiel

23 aug 2007 - 15:13

Yn Weidum wurdt tongersdei in nije farrûte iepene foar kano's en oare lytse boaten. De rûte giet by Weidum, Bears, Jorwert, Easterlittens en Baard del. It hat seis jier duorre foar't de kanorûte der is, want de earste plannen datearje al fan 2001.

Undernimmers oan 'e kanorûte en rekreanten ferwachtsje in soad fan de nije toeristyske attraksje. De offisjele iepeningshanneling is om fiif oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)