Kanonsjitten Sleat skrast

20 aug 2010 - 10:23

It kanonsjitten yn Sleat giet freed net troch. Dit yn ferbân mei it ûngelok by it ringriden yn de stêd woansdei. Dêrby kaam Diedert Schilstra (74) fan Himmelum om it libben. It kanonsjitten is in tradysje yn Sleat.

Al 25 jier lang stekke se dêr yn de simmerfakânsje op freedtejûn it âld kanon yn de stêd ôf en dat lûkt in soad toeristen. Fanwege it ferstjerren fan de menner hat de organisaasje besletten om it dizze wike net trochgean te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)