Kanon út Kazematten helle

26 maaie 2014 - 12:37
  • It kanon wurdt ophelle út it Kazemattemuseum
  • It kanon noch yn it Kazemattemuseum

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân is ien fan syn topstikken definityf kwytrekke. It Nationaal Militair Museum helle moandei in kanon op út ien fan de kazematten. It kanon wie eigendom fan it Nationaal Militair Museum, mar dat hie der gjin romte foar. Nei in útwreiding is dy romte der no wol en moandeitemoan waard it kanon dêrom ophelle.

It swiere kanon moast út in lytse romte wei takele wurde. Dat wie noch in hiele put. Dêrnei moast it in helling op en in steile helling wer ôf, om op in frachtauto set te wurden.

Wat it Kazemattemuseum mei de frijkommen romte docht, witte se noch net. Mooglik komt dêr it okkerdeis út de Waadsee opfiske boardkanon fan in fleantúch te stean. Der binne ek plannen foar in replika makke fan de loop fan in oar kanon út it Nationaal Militair Museum. Wa't it kanon dat no fuorthelle is, nochris sjen wol: it Nationaal Militair Museum sit yn Soesterberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)