Kanoërs farre meunstertocht

25 aug 2008 - 08:07

25 kanofarders binne der yn slagge de Alvestêdetocht út te farren. Freedtemoarn giene 31 kanoërs yn Frjentsjer fan start om de 200 kilometer lange tocht binnen 36 oeren ôf te lizzen. De tocht waard nonstop ôflein, sa waard it Sleattemermar yn it tsjuster oerstutsen en moasten de kanoërs it sûnder sliep stelle.

Seis dielnimmers moasten opjaan troch blessueres en wurgens. De rapste dielnimmers diene der 28 oeren oer, sy wiene sneon om ien oere middeis werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)