Kankerpasjint oan dea ûntsnapt

17 jan 2001 - 09:25

In ferkearde diagnose hat in 75-jierrige man út Donkerbroek hast it libben koste. In 1998 krige de man yn it sikehûs fan It Hearrenfean te hearren dat er kanker hie. In ûngenêslike foarm.

De húsdokter woe net meiwurkje oan eutanasy en sa bedarre de man by in oare arts. Dizze dokter ûntduts dat der in ferkearde diagnoaze makke wie. De man hie yn stee fan kanker, tuberkuloaze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)