Janneke Kanis wint by froulju

30 jul 2013 - 16:29
  • Janneke Kanis

Janneke Busser-Kanis hat tiisdei de Profronde fan Surhústerfean by de froulju wûn. De hurdfytster út Amersfoort kaam solo oer de finish. De froulju fan Argos-Shimano sloegen foar master op. Ploechgenoate Amy Pieters út Zwanenburg waard twadde, folge troch Kirsten Wild ek fan Argos-Shimano, dy't tredde waard.

By de manlju waard de elitewedstriid foar de amateurs in proai foar Jasper Hamelink út Raalte. Hy kaam solo oer de streek. It twadde plak wie foar Niek Hooghiemster út Oentsjerk. Tredde waard Paul de Haan út Meedhuizen.

De manlju profs komme tiisdeitejûn yn aksje. Ferskate topriders út de Tour de France binne derby, ûnder oare de winner fan de Tour de France Chris Froome, Bauke Mollema en Lieuwe Westra. Oare Tourriders binne: Tom Veelers, Tom Leezer, Albert Timmer, Karsten Kroon en Tom Jelte Slagter. De Profronde fan Surhústerfean lûkt altyd tûzenen minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)