Kangoeroe of wallaby deariden

10 nov 2004 - 10:59

In kangoeroe of wallaby is tiisdeitejûn deariden troch in 51-jierrige automobilist út Easterwâlde. Hy wie mei de auto ûnderweis oer de N351 mei in hynstetrailer. Dêryn sieten twa hynders.

De man seach dat it bist midden op de dyk siet en dêr sitten bleau. De kangoeroe of wallaby hat de oanriding net oerlibbe. De skea oan de kombinaasje foel ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)