Kangoeroe oanriden

09 jun 2006 - 11:28

Op de N351 tusken Nijeberkeap en Easterwâlde is tongersdeitemoarn in kangoeroe oanriden troch in automobilist út Ychten. De man naam de kangoeroe mei nei syn wurk yn Emmen.

Yn desimber ferline jier waard by Easterwâlde ek al in kangoeroe oanriden. De plysje liet doe witte dat der in oantal jierren lyn in kangoeroe ûntsnapt is en der sûnt dy tiid in oantal fan dy bisten yn de omjouwing libje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)