Kangoeroe by Makkingea dea riden

19 des 2005 - 09:54

Op de provinsjale dyk tusken Makkingea en Easterwâlde is sneon in kangoeroe oanriden. It bist siet op de dyk en waard rekke troch in bestelwein mei in oanhingwein. Dy waard bestjoerd troch in 49-jierrige ynwenner fan Feanhuzen.

Hoe't de kangoeroe op de dyk bedarje koe is net bekend. Neffens de plysje is in oantal jierren lyn in kangaroe ontsnapt en sûnt dy tiid soene der in oantal kangoeroes yn dizze omjouwing libje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)