Kandidaten socht foar Wetterskip

11 feb 2004 - 00:00

Ein april binne de ferkiezings foar it nije Wetterskip Fryslân. Troch de fúzje fan de wetterskippen begjin dit jier moat der in nij algemien bestjoer komme. Alle Friezen fan 18 jier en âlder kinne har sels kandidaat stelle foar ien fan de 31 bestjoersfunksjes.

Mei grutte advertinsjes en tv-spots ropt it Wetterskip alle ynwenners fan Fryslân boppe de 18 jier op om har kandidaat te stellen. Oant 24 maart kinne minsken har noch opjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)