Kandidaten Rôze Pompeblêd

22 apr 2013 - 15:51
  • Rôze Pompeblêd

It Homoplatfoarm Fryslân siket kandidaten foar it Rôze Pompeblêd 2013. Dat is in priis foar persoanen of organisaasjes dy't harren ynsette foar de emansipaasje en akseptaasje fan homoseksuelen yn Fryslân. De priis wurdt neffens tradysje útrikt yn de Rôze Wike dy 't begjin juny hâlden wurdt.

Sûnt ferline jier giet de priis it iene jier nei in organisaasje en it oare jier nei in persoan. Dit jier giet it om dy lêste kategory. Nominaasjes moatte foar 15 maaie binnen wêze by de organisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)