Kandidaten opfolging Lyklema

23 jan 2007 - 13:40
  • Boargemaster Lyklema hâldt dermei op

Foar de boargemasterspost fan Achtkarspelen binne fyftjin gadingmakkers. Dêr is ien frou by. Sân kandidaten binne fan it CDA, de VVD en D66 leverje beide twa kandidaten. Fan PvdA, FNP, ChristenUnie en Gemeentebelangen komt ien.

Under de sollisitanten binne twa boargemasters en acht wethâlders. De measten binne tusken de 50 en 60 jier. De nije boargemaster wurdt mei yngong fan maaie de opfolger fan Lyklema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)