Kandidaten Grien Lintsje socht

27 apr 2014 - 10:51
  • Gemeente Weststellingwerf

De fraksje fan GrienLinks yn de gemeente Weststellingwerf siket kandidaten foar it Griene Lintsje yn it ramt fan Wereld Milieudag op 5 juny. It lintsje is bedoeld foar minsken dy't har ynsette foar grien yn de gemeente.

Dat kinne partikulieren wêze, ûndernimmers en maatskiplike organisaasjes. Ferline jier gie it Griene Lintsje nei it boargerinisjatyf Zuiderzon Noordwolde-Zuid. Dat soarge foar sinnepanielen op achttjin wenningen. Kandidaten foar dit jier kinne oant 20 maaie oanmeld wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)