Kandidaten foar de Rink van der Veldepriis bekend makke

23 des 2015 - 09:57
  • Rink van der Velde

De kânshawwers foar de Rink van der Veldepriis 2016 binne Hylke Tromp, Mindert Wijnstra, Anne Feddema, Willem Schoorstra en Johan Veenstra. De literêre priis fan de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij wurdt kommend jier op 17 febrewaris útrikt.

De priis bestiet sûnt 2004 en wurdt om it jier útrikt oan de skriuwer fan it boek dat it meast oanslút by it wurk fan Rink van der Velde. Foar de winner lizze in byldsje fan Anne Woudwijk en in jildpriis fan 1250 euro klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)