Kandidaten Dûbellibben socht

22 nov 2013 - 10:37
  • Omrop

Omrop Fryslân siket foar in nij programma minsken dy't in dûbellibben hawwe. Dat kin bygelyks in fulltime studinte wêze dy't tagelyk fulltime mem is, in topsporter-yn-oplieding of in nachtapoteker. It programma 'Dûbellibben' wurdt foar de Omrop makke troch studinten fan de NHL.

Der komme acht ôfleverings fan tsien minuten. Yn elke ôflevering fertelt de haadpersoan syn of har ferhaal, wylst de studinten it ferhaal yn byld bringe. Kandidaten kinne harren opjaan op dubbelleven2014@gmail.com

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)