Kandidatelist PVV útlekt

12 jan 2011 - 15:44

Max Aardema fan Drachten is de listlûker foar de PVV Fryslân foar de kommende steateferkiezings. Dat docht bliken út de list dy't Omrop Fryslân yn hannen krigen hat. Op nûmer twa stiet âld-steatelid Otto van der Galiën. Hy siet foar de SGP yn provinsjale steaten.

Auke Zijlstra út Ridderkerk stiet op nûmer 14. Hy stie foar de PVV op de list foar de Europeeske ferkiezings, twa jier lyn. Listlûker Aardema wurket by de plysje yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)