Kanadeeske studinten yn Fryslân

27 mrt 2003 - 00:00

In groep Kanadeeske studinten hat tongersdeitemiddei in besyk brocht oan it plak dêr't yn 1942 in fleantúch fan de alliearden delstoarte, flakby Sybrandabuorren. Dêrby kamen fjouwer Kanadezen en trije Britten om it libben.

Fia de broer fan ien fan de slachtoffers hearden de Kanadeeske studinten fan it plan foar in monumint. Dat wie reden om by har stúdzjereis yn Europa ek in dei nei Fryslân te kommen. 30 juny is de ûntbleating fan it byld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)