Kanadeeske feteranen by aktiviteiten yn Ljouwert

04 maaie 2015 - 12:43

Yn de Prinsetún yn Ljouwert is moandei in beam plante as oantinken oan de befrijing fan 70 jier lyn. Dat waard dien yn it bywêzen fan in groep Kanadeeske befrijers. De feteranen dy't Fryslân mei befrijd hawwe, binne dit wykein yn Fryslân oankaam. Se wurde belutsen by de betinkingen en fieringen fan 4 en 5 maaie.

Oanslutend hawwe se in lunch krigen op it provinsjehûs. Kommissaris John Jorritsma en boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert wiene der ek by. By oankomst op it provinsjehûs krigen de Kanadezen applaus fan it publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)