Kanaalprojekt kin troch

22 des 2008 - 23:50
  • De polityk jout de weriepening fan dit kanaal noch net op

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Opsterlân kin foarearst trochgean mei de weriepening fan it Polderhoofdkanaal. De ried hat har stipe foar it projekt moandei op nij útsprutsen. De opposysjepartijen hiene frege om in ekstra riedsgearkomste omt it beslút oer hoe't it no fierder giet mei it projekt mei in healjier útsteld is. Ek woene se útlis fan it kolleezje oer de kosten fan it projekt.

Echt dúdlikens deroer is der noch net, mar de gemeenteried bliuwt posityf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)