Kanaal ôfset fanwege feest

28 nov 2008 - 11:44

Skippersferiening Schuttevaer komt yn ferset tsjin it feest foar it 100-jierrich jubileum fan de Alvestêdeferiening. It Van Harinxmakanaal by de Swettehaven yn Ljouwert wurdt fan 8 desimber oant 26 jannewaris moarns in pear oeren ôfsletten.

In feest mei net wichtiger wêze as it ekonomyske ferkear, fine de skippers. Der moat in oplossing komme foar de skea. Schuttevaer hat beswier makke by de provinsje tsjin de ôfsluting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)