Kanaal Nij Beets wurdt djoerder

26 aug 2004 - 15:11

It plan om it Polderhoofdkanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop te iepenjen foar de rekreaasje wurdt djoerder. It weriepenjen fan it kanaal foar de rekreaasje wie begrutte op seis miljoen euro, mar dat wurdt ien oant twa miljoen mear.

De gemeente Opsterlân wol op 'e nij ûndersyk dwaan nei de helberens fan 'e kanaalplannen, dêr't al sa'n 25 jier oer praat wurdt. Wethâlder Hoen wol begjin 2005 in definityf beslút nimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)