Kampus Skylge kin trochgean

06 feb 2013 - 12:35
  • De ferâldere seefeartskoalle op Skylge dy't fernijd wurde moat

De bou fan in nije kampus foar de seefeartskoalle Willem Barentz is wer in stapke tichterby. De gemeente Skylge hat in akkoard berikt mei Steatsboskbehear oer de oankeap fan in stik grûn. It giet om fjouwer bunder. De gemeente wol noch net sizze wat der oan Steatsboskbehear betelle wurdt foar de grûn, mar is tige tefreden oer de transaksje. It skoalgebou fan 11.000 kante meter komt yn de bosken by West-Skylge. It projekt kostet meielkoar 25 miljoen euro. De gemeente Skylge wol tusken de nije kampus en it doarp noch in tal nije huzen bouwe.

Sa slút de bebouwing op elkoar oan. Dat is belangryk omdat it om in natuergebiet giet. It konsept-bestimmingsplan sil no op besjen lein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)