Kampus krijt nochris 7 miljoen

20 jun 2013 - 20:44

De Universiteits Kampus Fryslân (UCF) krijt nochris 7 miljoen euro fan de provinsje, sa hawwe Deputearre Steaten besletten. It giet om jild dat al klear lei foar dit doel. It doel is ûnder oaren it opsetten fan akademyske stúdzjes yn Fryslân. Dat giet net hiel hurd omdat it best dreech is dêrfoar tastimming te krijen fan it Ryk.

Uteinlik moatte der sân masteropliedings by komme. Dan giet it ûnder oare om toerisme, leefberens, meartaligens, wettertechnology en bestjoerskunde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)