Kampioenskippen pitch and putt

08 okt 2011 - 16:39
  • Foto: Omrop Fryslân

De Fryske favoryt Jasper Meinema is sneon twadde wurden op it Noard-Nederlânsk kampioenskip pitch and putt yn de Fryske haadstêd. Meinema spile in thúswedstriid. Tredde waard Stefan van den Berg, ek út Ljouwert. Rolf Kwant út Koekange waard kampioen.

Pitch and putt is in soart golf, mar dan op in lytser fjild. De kampioenskippen waarden hâlden yn de wyk Suderbuorren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)