Kampioenskip tichtby foar Aris

18 apr 2004 - 00:00

De basketballers fan Aris binne wer in oerwinning tichterby it kampioenskip yn de promoasjedivyzje. Yn Delft waard Punch ferslein mei 65-72. De Ljouwerter ploech stie lang efter, mar koe yn de slotminuten de stân ombûge yn har foardiel.

Foar Aris wie Lamont Randolph de topscorer mei 20 punten. As de basketballers fan de lêste fjouwer wedstriden noch twa winne, is it kampioenskip wis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)