Kampioenskip klaaipiipsmoken

26 jan 2008 - 17:12
  • De klaaipiipsmokers yn aksje

Yn Snits strieden sneon wer 50 minsken om de titel Frysk Kampioen klaaipiipsmoken. Manlju en froulju besochten de tabak yn de piip sa lang mooglik brâne te litten. Mei in wrâldkampioen en in pear Nederlânsk kampioenen op de dielnimmerslist hie it kampioenskip in goeie besetting.

Rients de Jong einige as bêste Fries op it tredde plak. Hy hold syn piip goed oardel oere oan: 1.30,28. Saskia Verijzer fan Den Helder waard earste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)