Kampioenskip iissilen op Iselmar

11 jan 2003 - 00:00

Foar it earst yn fiif jier koe it wer: in wedstryd iissile op de Iselmar. By Gaast wiene sneon de Noard-Nederlânske kampioenskippen, mei tweintich dielnimmers.

By it iissilen kinne de sliden dêr't de silers op sitte gigantyske snelheden krije. In selekte groep leafhawwers beoefenet de sport. Guon fan har reizgje de hiele wrâld oer om oan wedstriden meidwaan te kinnen. It koe by Gaast noch krekt, snein sil it teie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)