Kampioenskip angeljen

07 jun 2003 - 00:00

Yn Grou is sneon it Frysk kampioenskip sportfiskjen foar jeugd hâlden. Der wienen 35 dielnimmers wylst wol tûzen bern in fiskfergunning hawwe. It waar wie moai, mar it woe net goed bite.

Winner yn de A-klasse (14-18 jier) is Martin Kort wurden. Yn de B-klasse (10-13 jier) hat Benny van der Heide it meast fongen. Mei noch fiif oaren meie de beide Fryske winners letter dit jier Fryslân fertsjintwurdigje op it Nederlânsk kampioenskip angeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)