Kampioenen net goed op dreef

12 aug 2013 - 21:52
  • Hilianne van der Wal

Hans Ulco de Boer wie moandeitejûn by de ynhelwedstriid fierljeppen yn Burgum de iennichste Fryske kampioen dy't de deititel pakte. De Jutriper sprong by de junioaren 18 meter en 46 sintimeter. Age Hulder waard twadde mei 18.06. By de senioaren gong de winst nei Ysbrand Galama fan It Heidenskip mei 20.17. Nard Brandsma waard twadde (19.58), Thomas Helmholt tredde (19.32). Frysk kampioen Bart Helmholt wie mei 19.25 fjirde. By de froulju wûn Hilianne van der Wal mei 15.35, Bobby Zwaagman wie de bêste jonge mei 17.43.

Frysk kampioene Klaske Nauta waard twadde by de froulju mei 15.00. Jongeskampioen Tom Hoekstra helle de finale net. Meast opfallende prestaasje kaam fan Niels Koetsier. Hy ferbettere twa kear syn persoanlik rekôr. Syn 18.78 wie goed foar it fiifde plak by de senioaren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)