Kampioen wint fan Jong It Fean

04 apr 2011 - 21:46

Jong Hearrenfean/Emmen koe it krekt net risse tsjin Jong PSV. De kampioen fan de beloftekompetysje wûn op sportpark Skoatterwâld mei 4-3. Nei trettjin minuten wie it 1-1, mei in doelpunt foar de thúsploech fan Fazli.

Nei de 2-1 foarsprong fan Jong PSV healwei, reinde it doelpunten yn de lêste tsien minuten. PSV makke in moaie tredde goal, Ernesto Seymonson de twadde foar de Feansters. Opnij PSV en in prachtgoal fan Quenten Martinus soargen foar de einstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)