Kampioen slút yn styl ôf

13 maaie 2013 - 21:03
  • Mark Uth

Jong SC Hearrenfean hat as kampioen fan de beloftekompetysje it seizoen yn styl ôfmakke. De útwedstriid tsjin jong Heracles Almelo waard mei 5-1 wûn. Doke Schmidt sette de ploech fan trainer Jan de Jonge al betiid op foarsprong. Foar it skoft waard it 3-0 foar de Feansters troch twa goals fan Mark Uth. Uth makke ek de 4-0, Michael Chacon de 5-0. De earetreffer foar de thúsploech wie fan Marko Vejinovic. Yn it lêst fan de wedstriid stiene der by de kampioen fiif A-junioaren en ien B-junior yn it fjild. Mark Uth waard topscorer mei 23 goals.

Kampioen Jong Hearrenfean helle yn de kampioenspûl 56 punten út 22 wedstriden. Dat binne der 16 mear as de nûmer twa Jong FC Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)