Kampioen ielrikjen út Marrum

30 aug 2004 - 10:15

De Gebroeders Dijkman út Marrum binne dit wykein Frysk kampioen ielrikjen wurden. Twadde waard Van der Wal fan Noardburgum en tredde 'De Rienster Rikkers 2' fan Rien. Ofrûne sneon waard it kampioenskip foar de alfde kear yn Tsjalbert hâlden.

Oan de strideraasje diene 72 ielrikkers mei. Om tolve oere middeis begûnen de spesjalisten nei it spyljen fan it Frysk folksliet mei it ielrikjen. De sjuery gie dêr 4 oeren letter oer gear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)