Kampeare troch busstaking

10 jun 2008 - 14:23
  • Kampeare om nei skoalle te kinnen
  • Pal neist it Abe Lentstra-stadion

De stakings fan de bussjauffeurs foar in bettere cao treft foaral learlingen en studinten. De staking dy´t no al mear as in wike duorret, soarget derfoar dat studinten net op tiid of hielendal net op skoalle komme kinne.

Mar guon learlingen fan de turnklasse Cios op It Hearrenfean hawwe de oplossing betocht foar it probleem: se kampeare by de skoalle. De skoaldireksje is tige te sprekken oer de spontane aksje fan ´e learlingen. mar hopet wol dat de staking gau oer is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)