Kampeare by de boer populêr

27 feb 2011 - 15:20

De animo foar kampeare by boeren nimt hieltyd mear ta. Der kamen sneon 10.000 besikers op de boerekempingbeurs yn Ljouwert en dat is in rekôr. Fierder groeit it oantal leden fan de Stichting Vrije Recreatie, SVR, mei 20.000 yn it jier.

400 ûndernimmers út binnen- en bûtenlân besochten sneon om harren kempings oan de man te bringen mei folders, foto's en diapresintaasjes. Troch de krisis is der mear belangstelling foar kampeare by de boer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)