Kampearders kleie oer jarre

04 sep 2014 - 12:22

Tsien kempinggasten fan Kemping Simmerwille yn Earnewâld hawwe lêst fan in boer dy't jarret. Se sizze safolle lêst te hawwen dat se twongen wurde om fuort te gean. De stank is ûndraachlik en in stel fan 80 jier hat lêst fan 'e luchtwegen.

De tsien fêste gasten hawwe no in brief stjoerd nei gemeente Tytsjerksteradiel, de provinsje en it Fryske Gea. Dêryn freegje se oft it stik boulân ek opnaam wurde kin yn it oanlizzende natoergebiet, mar de kempingbaas fynt dat de tsien gasten net eamelje moatte.

It is noch net dúdlik wat de provinsje, de gemeente Tytsjerksteradiel en it Fryske Gea mei it brief dwaan sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)