Kampearbuorkerij ûntromme

24 jul 2003 - 00:00

De gemeente Boarnsterhim hat woansdei in kampearbuorkerij sluten oan de Greft yn Warten. De eksploitant fan de buorkerij Luctor et Emergo hie net de goede fergunnings. It gebou oan it PM-kanaal soe dêrtroch te gefaarlik wêze. Yn gefal fan brân binne der gjin flechtrûtes. Fierder is der mar ien trep nei de sliepsouder.

De 32 gasten binne yn sân hasten oerbrocht nei in akkommodaasje yn Earnewâld. De eigners binne ferbjustere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)