Kampanjewein ferdwûn

06 mrt 2007 - 06:54
  • De Kampanjewein

Koart foar de provinsjale ferkiezings is Gemeentebelangen in wichtich wapen yn de kampanjestriid kwyt rekke.

Sneintejûn is harren kampanjewein ferdwûn. De blauwe oanhingwein fol posters waard de ôfrûne wiken troch hiel Fryslân ynset. Snein stie de wein de hiele dei oan it Europaplein, mar doe't listlûker Reitze Ketellapper jûns de karre wer ophelje soe wie er al fuort. It soe net gean om in ferkiezingsstunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)