Kampanje tsjin wenningynbraken wurket yn Boalsert

30 okt 2015 - 17:46
  • Ynbraak

Goed nijs foar de plysje Boalsert, de kampanje om wenningynbraken foar te kommen wurket. De ynwenners út de stêd ha ekstra goed oplet op strjitte, bygelyks mei it kuierjen mei de hûn. Dit hat ferskate tips opsmiten foar de plysje. Sa'n 150 ynwenners diene mei oan de ''Waaks'' kampanje.

Neffens de plysje kinne de Boalserters de omjouwing goed om't se alle dagen mei de hûn kuierje. Dêrom kinne se ek gau frjemde sitewaasjes herkenne. Ek dizze winter wol de plysje ekstra omtinken jaan oan wenningynbraken.

De plysje hopet dat dit jier noch mear ynwenners harren opjaan wolle, sadat der noch mear ynbrekkers oanhâlden wurde kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)