Kampanje tsjin skulden jeugd

06 nov 2008 - 16:50

Jongeren mei skulden wurdt in hieltyd grutter probleem. 30 prosint fan de jongeren tusken de 18 en 20 jier hat skulden. Yn de leeftydskategory 21 oant 25 is dat sels 44 prosint.

De ferlieding is faak grut in dizze tiid. In tillefoan, in skooter en maklike lieningen. Dêrom begjint de Fryske GKB, de gemeentlike kredytbank, de kampanje 'Eigen schuld'. Mei posters en lessen. Want de bern wurde hieltyd jonger en it skuldbedrach wurdt hieltyd heger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)