Kampanje tsjin it úthoulikjen fan jongeren

07 maaie 2015 - 14:59

De organisaasje Veilig Thuis yn Fryslân komt mei in kampanje tsjin it twongen úthoulikjen fan jongeren. Veilig Thuis is it eardere meldpunt bernemishanneling en húslik geweld. Jonges of famkes dy't tsjin har sin trouwe moatte, kinne anonym belje mei Veilig Thuis. Se kinne dan advys krije oer wat se dwaan kinne. De kampanje is online, en rjochtet him om jongeren tusken de 16 en de 25 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)