Kampanje tsjin hurdfarren

25 apr 2012 - 17:31

Jongeren koene woansdei yn Snits teste litte hoe hurd har motorboat farre kin. De plysje wol strang kontrolearje op hurdfarren om't it oerlêst en ûnfeilige situaasjes opsmyt. Dêrom is in kampanje begûn fan 'Handel je pk's'.

As de boat hurder kin as 20 kilometer yn de oere, is it in flugge motorboat. Dêr heart in minimumleeftiid en in farbewiis by. Dat wit net elkenien.
Nije wike is der ek noch in testdei op De Lemmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)