Kampanje tsjin dumpen ôffal

05 nov 2014 - 16:05
  • Dump fan asbestôffal
  • Dump fan TL-buizen

Mei de Fryske kampanje "In dumper is in stumper" moatte yllegale ôffaldumpings yn 'e natuer tsjingien wurde. It kostet de gemeenten in soad jild en it is min foar de natuer. In soad ôffal kin faak fergees nei de miljeustrjitte. Dizze wike wie der yn Kollumerlân wer in melding fan in dumping mei himpôffal en asbest. De kampanje is in moanne lyn begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)