Kampanje tsjin bernemishanneling en húslik geweld yn Fryslân

10 sep 2015 - 15:34
  • Húslik geweld

It meldpunt foar bernemishanneling en húslik geweld Veilig Thuis Friesland is dwaande mei in kampanje om mear namsbekendheid te krijen. Yn de organisaasje wurkje it eardere Advies- en Meldpunt Kindermishandeling en it Advies en Steunpunt Huiselijk Geweld mei elkoar gear. Sa kinne de problemen better oanpakt wurde.

Mei de kampanje ropt Veilig Thuis Friesland slachtoffers op om help te sykjen. Mar ek minsken dy't thús geweld brûke, of minsken dy't der tsjûge fan binne, krije dat advys.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)