Kampanje tsjin appe op 'e fyts

23 sep 2014 - 15:50
  • Mei de smartphone op de fyts

In lanlike kampanje foar jeugd tusken de 12 jier en 17 jier is tiisdei úteinset. De kampanje 'Aandacht op de weg' moat jeugd wize op de gefaren fan it brûken fan de smartphone yn it ferkear. Ut ûndersyk docht bliken dat de kâns op in ferkearsûngelok grutter is wannear't ien dwaande is mei syn mobile tillefoan.

It grutste gefaar is dat bern harren konsintraasje ferlieze as se mei de smartphone yn it ferkear dwaande binnen. Dat seit Homme Biemold fan Veilig Verkeer Nederland, ôfdieling Fryslân.

De kampanje moat neffens Biemold foaral de oandacht festigje op it feit dat in smartphone net te kombinearjen is mei it ferkear en dat dat hiel gefaarlik is.

De kampanje is in inisjatyf fan it ministearje fan ynfrastruktuer en miljeu. Tillefoanoanbieders lykas Vodafone en T-Mobile wurkje dêr ek oan mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)