Kampanje troep oprêde helpt

18 des 2002 - 00:00

De kampanje 'Zwerfafval' hat neffens Rykswettersteat fertuten dien. By de ryksdiken yn de trije noardlike provinsjes is it skjinner. De lêste seis moannen is alle wiken op tsien plakken by diken kontrolearre en skjinmakke. Yn Fryslân wie dat oan de A7 en de A31.

Under de kampanje is it ôffal de helte minder wurden. De kampanje bestie út buorden oan de dyk. Blykber is it wat skjinner it is, wat skjinner it bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)